Klún & Knoffelhakke

t'is Feest

Theatervoorstelling Klún & Knoffelhakke
met Broer Douma en Hendrik van der Heide in de Stadslaankerk 6 november 2010 om 20:00 uur

t'is Feest

Inleiding
Yn it lytse doarpke Prottelstum, earne yn Fryslân, stiet de boel op 'e kop! De pleatslike feestkommisje fiert harren 15 jierrige jubileum en dat moat in hiel grut feest wurde! Mar de tariedingen geane net sa soepel. De iene wol dit en de oare wol dat, wol as gjin flachjes, feestpeallen as fersiering yn 'e tún. Kin dat net ris oars? It is ek hast alle kearen itselde. En dan altyd en ivich dat smoarge jild. Lokkich nimme Joop & Joop, fan it recycling bedriuw mei deselde namme, de sponsoring fan it feest op harren. Mar oft dit wol sa'n lokkige kar is...
Ek mei dit fleurige programma wolle Klún & Knoffelhakke der wer in healwize sjo fan meitsje. Dat dit fêst slagje sil, docht wol bliken út it grut tal oanfragen foar dit duo út it noarden fan Fryslân. Al 15 jier soargje Klún & Knoffelhakke foar in protte fleurige jûnen. Dy 15 jier hat mei ynspirearre ta dit feestlike seisde programma!


Programma
Klún & Knoffelhakke It duo Klún en Knoffelhakke bestiet út de spilers Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum. Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich! De programma's fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkeskabaret, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen. It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje!

Houdt deze site in de gaten voor meer informatie over programma, kaartverkoop en eventuele wijzigingen. Meer weten? Kijk op de website van Klún & Knoffelhakke.

Kaartverkoop
Toegangskaarten a € 8,- verkrijgbaar vanaf 4 oktober bij Boekhandel Visser in IJlst.
De zaal is open om 19:15 uur. Kaarten zijn ook te bestellen via email, conform volgende instructies:
- Maak € 8,- per toegangskaart over op bankrekening 2968.40.653 tnv Stichting Behoud Stadslaankerk ovv Klun&Knoffelhakke voor 1 november of zolang dit hier wordt aangegeven.
- Stuur een email naar adres met als onderwerp Klun&Knoffelhakke, vermeld het aantal kaarten en het rekeningnummer waarmee de betaling is gedaan.
- U ontvangt binnen 48 uur een email retour. Print deze email, dit is uw toegangsbewijs. Bij de ingang van de zaal wordt deze omgeruild.

Let op! Er is slechts een beperkt aantal kaarten beschikbaar; vol is vol.

Parkeren
Aan de Stadslaan is slechts beperkte parkeergelegenheid, maar op een enkele minuten loopafstand is voldoende parkeergelegenheid te vinden. Parkeren is mogelijk bij het Gemeentehuis, Mienskipshus en aan de Dassenboarch.