Nederlands

Hoe komt it mei de Dryltser Grifformearde Tsjerke?

Hjoed de dei is dizze tsjerke wakker yn diskusje. Troch gearwurkjen fan Herfoarme en Grifformeard is dizze tsjerke 'oer'. Wat dogge wij: ferkeapje oan in projektûntwikkelder, mei kâns op sloop? Dochs bewarje foar spesjale doeleinen mei alle 'lusten en lasten'? Oerdrage oan in te foarmjen Stichting foar it bewarjen en behear fan de tsjerke?

Foar mij as Dryltser 'hikke en tein' hat dizze tsjerke mij altyd wat 'dien'. As jonge fûn ik it al in 'voornaam' en ryk bouwurk mei de toer der foar. Foaral de yngongspartij yn in bôgekonstruksje, mei ôfdekking fan gekleurde dakpannen fûn ik prachtich. Dizze tsjerke is yn 1910 bout troch de Dryltser oannimmer Gerrit Spyksma nei in ûntwerp fan de doedestiids bekende architekt Nauta. Lêsten deis roun ik der ris omhinne. Ik seach dy degelike, solide, mei ambachtlik fakmanskip opmitsele muorren, mitsele fan in hurde donkerreade stien. It degelike bypassende ljochte foechwurk. Dizze tsjerke 'op rots gebouwd' en wol op 365 fundearringspeallen (eltse dei ien peal). Dit bouwurk kin noch hûnderten jierren mei. Opfallend boukundich elemint is it útbundich moaie, dekorative en oandacht freegjende mitselwurk. De boustyl referearet oan de 'Amsterdamse school'. Dizze boustyl freget in soad omtinken oan it mitselwurk. Sjoch de mitsele tooch ljochtfinsters. Allegeare útfierd mei glês-yn- lead. De oansetstikken boppe de mitsele ljochtfinsters. De monumintale yngongsparty mei de derefter oprizende topgevel, ôfwurke mei in bysûndere beëiniging. De toer, sa wûnderlik harmoanysk passend, opgeand yn de foargevel. De 'boartlike' beëiniging boppe yn de toer. Koartsein, hjir stiet in monumint, sawat 100 jier âld.

Dan it romtelik belibjen fan it ynkommen yn de tsjerke. It monumintale Van Gruisen oargel dominant boppe de preekstoel. It oargel is in offisjeel monumint. De degelik en ambachtlik útfierde kapkonstruksje. De detaillearingen yn it houtwurk fan alle betimmeringen. Sa freget de hiele tsjerke sjoen fan út de bouhistoarje en boukeunst in soad oandacht en omtinken.

De minsken en ynstânsjes dy't neitinke en beslúte moatte oer de takomst fan dizze tsjerke soe ik oanride wolle: sjoch net te folle nei oplossingen yn de koarte termyn, mar sjoch nei de takomst. Sjoch nei de elts jier tanimmende histoaryske wearde dy't dizze markante tsjerke hjoed en yn de takomst foar Drylts ha kin. Dit bouwurk is foar in bulte minsken folle mear as dat, en mei foar Drylts dôchs net teloar gean!

Rinke Schilstra, Drylts, maaie 2007